Hast alle organisaasjes rinne der tsjinoan: krapte op de arbeidsmerk. Nea earder wiene der sa’n...
Kom fierder!
Omrop Fryslân biedt in totaalpakket foar dyn reklamekampanje. Fan fraach nei idee, fan plan nei útfiering en fan resultaat oant evaluaasje: wy hawwe alles yn hûs. Fansels is gjin kampanje deselde, mar wy hawwe safolle kennis, kunde en ûnderfining dat wy ek foar jimme ta it bêste resultaat komme kinne. Wy hawwe in hiele rige súksesferhalen as boarne om te dielen. Der binne trije wichtige stappen yn ús oanpak:
Us team fan spesjalisten fertelt dy graach oer alle reklamemooglikheden by Omrop Fryslân. Us akkountmanagers, kommersjeel meiwurkers binnentsjinst én ús backofficemeiwurkers stean altyd klear foar in goed petear, in brainstoarm of in earlike miening. Ut alles dat we oan kampanjes by Omrop Fryslân biede, jouwe we dy graach it beste advys. Fan advys en strategy oant offerte en útfiering nimme we dy mei yn it proses. Mei elkoar soargje we foar dyn sichtberens en sukses.
Hast alle organisaasjes rinne der tsjinoan: krapte op de arbeidsmerk. Nea earder wiene der sa’n...
Dyn telefyzjereklame kin sichtber wurde op www.omropfryslan.nl en yn de Omrop Fryslân app. Sûnt...
Klear foar in kampanje? Of nijsgjirrich nei mear? Dan is it tiid om del te kommen by ús brûzjende mediabedriuw yn Ljouwert. Dêr sjochst wêr’t dyn kampanje hannen en fuotten krijt, en hoe’t wy deistich hiel oars in soad Friezen berikke. Krekt sa graach komme wy by dy del. Wannear moetsje wy inoar?