Tegearre mei RTV Drinte en RTV Noard bondelje wy as Omrop Fryslân ús krêften. As advertearder jout dit dy de mooglikheid om yn de noardlike provinsjes in noch grutter publyk te berikken. Wy biede mienskiplik ús advertearmoglikheden oan om reklamekampanjes op radio, telefyzje en ús online kanalen tûk te kombinearjen. Fia ien omrop is alles te boeken en dêrmei profitearst do fan ús bopperegionale (BOREG) gearwurking.
De regionale nijssiden en de mobile apps dy’t dêr by hearre, binne goed foar 21 miljoen besiken yn ‘e moanne. Dêrneist berikke wy fiar ús radiostasjons en trije telefyzjekanalen 285.000 unike harkers en goed 425.000 sjoggers yn ‘e moanne.
Wat binne de foardielen fan in bopperegionale kampanje?
- We hawwe mienskiplik in grut berik
- It draacht by oan it fergrutsjen fan dyn nammebekendheid en keapyntinsje
- Do kinst dy op meardere spesifike regio’s tagelyk rjochtsje
- Online kinne we foar dyn banner- en/of fideokampanje eksakte doelen tapasse
- Us kwalitative programmearring yn de regio strielt ôf op dyn merk
- Do profitearrest fan royale kennis en regionale ûnderfining yn it noarden
- Fia ien omrop is alles te boeken
Bopperegionaal advertearje: hoe pakst it oan?
As advertearder kinst fia ien Omrop dyn kampanje fêstlizze foar alle trije of twa omroppen tagelyk. Sa berikt dyn boadskip elkenien yn Fryslân, Grinslân en/of Drinte.
Hasto noch gjin tv- of radioreklamespot?
Wy hawwe in profesjoneel network fan produksjebedriuwen dy’t yn koarte tiid in reklamespot meitsje kinne. Fan strategy oant útfiering, we ynventarisearje dyn ferlet en keppelje dy dêrnei oan de geskikte produsint. Dit jildt ek foar de opmaak fan online reklame. Do hast al in bannerset foar € 125,-, in radioreklamespot foar € 300,- en in grafyske semy-bewegende spot (op basis fan besteand byldmateriaal) foar € 695,-. Dit binne de basisprizen, eks btw.
Start dyn BOREG-kampanje by Omrop Fryslân
Ynteresse yn in kampanje of in frijbliuwende ôfspraak meitsje om de mooglikheden te ferkennen? Nim kontakt mei ús op fia de contactpagina of belje 058-299 78 78.
Besjoch hjir ek Deregiowerkt, fakatuerenijs út de regio, in mienskiplik inisjatyf fan RTV Noord, RTV Drenthe en Omrop Fryslân.
