Fergrutsje dyn imago op telefyzje mei Omrop Fryslân

It fergrutsjen fan dyn imago by Omrop Fryslân begjint hjir

Kampanje op telefyzje by Omrop Fryslân

Do wolst dyn produkt of tsjinst ûnder de oandacht bringe by dyn doelgroep. Reklamespots op telefyzje binne tige geskikt foar imagokampanjes, aksjes en de yntroduksje fan produkten. Kinst se kwyt yn mear as 28 reklameblokken op in dei. Troch de kombinaasje fan byld en lûd hat komt reklame op telefyzje hiel goed binnen.

Dit wat we dy biede:

  • Grut berik: 109.000 sjoggers yn de wike
  • Bekendheid yn de provinsje
  • Alle kennis en mooglikheden yn eigen hûs
  • De bêste begelieding by de produksje fan suksesfolle reklames
  • Soad ûnderfining mei útienrinnende brânzjes en organisaasjes
  • In tv-reklame dy’t ek goed yn te setten is op dyn eigen webside en sosjale media
  • Tagong ta in grut publyk: wykliks berikke we hast de helte fan alle Friezen.

Sparren met een specialist?

Ronald Klijnsma

Accountmanager
06-21810206
Neem contact op

Hoe wurket tv-kampanje by Omrop Fryslân

Dit is watst witte moatst foardatst in tv-kampanje begjinst by Omrop Fryslân.

Wat kostje kampanjes op telefyzje?

Foar in reklamespot op telefyzje betellest per sekonde. De priis hinget ôf fan de lingte fan de reklamespot, it tiidstip fan útstjoeren en de folsleine lingte fan de perioade dat de reklamespot útstjoerd wurdt. Do hast al in telefyzjepakket fan € 2.995,00 ôf (eks btw). Hjirfoar stjoere wy 100 spots fan 15 sekonden út. As jimme dat wolle, regelje we ek de grafyske produksje fan de spot, fan in bedrach fan € 495,- ôf. Wolst ek in kampanje op radio of online, dan biede we fansels in oantreklik totaalpakket. Us advys oer crossmediaal krijst der fan ús op ta.

De kosten foar it filmjen en montearjen fan in wiidweidige telefyzjereklamespot kinne frijwat ferskille, hâld dêr rekken mei by it plannen fan dyn kampanje. Wy begeliede dy graach yn dat proses en by de produksje fan de reklamespot.

De foardielen fan reklame op telefyzj

  • Telefyzje is tige geskikt foar it jaan fan bygelyks sfearympresjes
  • In goede reklamespot lûkt flink de oandacht
  • De nammebekendheid yn de provinsje wurdt grutter
  • Us trouwe sjoggers soargje foar in hege kontaktfrekwinsje
  • In telefyzjekampanje is goed te keppeljen oan in online kampanje
  • Sa lûkst ek mear besikers nei dyn webside

Wat smyt in kampanje op telefyzje op?

In berjocht mei byld wurdt flugger opnommen as tekst en lûd. Alles dat we sjen kinne, lûkt ús oandacht. De oandacht bliuwt noch langer hingjen as it byld beweecht, lykas yn de reklame op telefyzje.

Tradisjonele media binne krekt as online media te mjitten. We litte dy dy sifers sjen: hoefolle kontakten hat de reklamespot opsmiten, hoe faak binne dy persoanen berikt, wa binne it eins. Fansels hawwe we ynsjoch yn it totaal oantal útstjoerde reklamesports en it totale berik fan de telefyzjekampanje.

Telefyzje komt echt by de minsken binnen

Super geskikt foar in imagokampanje

Mei telefyzjereklame lûkst de oandacht

De tv-kampanje – Hokker stappen sette wy?

Dit binne yn fûgel flecht de stappen dy’t wy nimme by it realisearjen fan dyn tv-kampanje.

Stap 1: Mediafoarstel op maat

Telefyzje is emoasje sizze wy wolris by Omrop Fryslân. Nergens oars kinst in emoasje sa goed oerbringe as mei byld. Foar de emoasje dy’tsto oerbringe wolst, jildt dat ek, dy kinne we ferwurkje yn in reklamespot. Dêrfoar meitsje wy in mediafoarstel op maat.
l

Stap 2: Persoanlik produksjeteam

Wy gean graach mei dy oan de slach om dyn ultime kreative konsept út te wurkjen. Wy hawwe alles yn hûs of by partners om de produksje te meitsjen. Dêrby gean we altyd foar kwaliteit. Wannear’t elk tefreden is, kin de reklamespot binnen in pear dagen live.

Stap 3: De reklame op'e telefyzje

No silst fernimme hoe grut oft ús berik is. Mei dyn reklame by ús op telefyzje berikst presys dat watst yn'e basis nedich hast: oandacht. Mei it útstjoerskema dat wy dy jouwe, hast ynsjen yn it tal kearen dat de reklamespot foarby komt. Genietsje derfan!

Stap 4: Bystjoere en evaluaasje

We monitoare it ferrin fan de kampanje hieltyd en hâlde dy op de hichte. We skeakelje by as it nedich is, ek as de kampanje rint. It sukses fan de kampanje hinget ek ôf fan dyn tefredenheid en ek dêroer hâlde we nau kontakt.

Wolst mear witte oer ús TV-kampanjes?

Ronald Klijnsma

Accountmanager
06-21810206
Neem contact op

Dit is Ronald. Krekt as syn kollega akkountmanager en ús backofficemeiwurkers, is hy altyd yn foar in goed petear, in brainstoarm of in earlike miening. Ut alles dat we oan kampanjemooglikheden by Omro Fryslân te bieden hawwe, jout Ronald dy graach it bêste advys.

Fan advys en strategy oant offerte en útfiering nimme we dy mei yn it proses. Mei-inoar soargje wy foar dyn sichtberens op ús platfoarms en berik yn de hiele provinsje.

Bist klear foar in suksesfolle marketingkampanje? Nim dan no kontakt op.