Kom yn de kunde mei ús team

Wêrmei kinne wy dy fan tsjinst wêze?

Mei elkoar soargje wy foar sichtberens

Us akkountmanagers Ronald en Silke, ús kommersjeel meiwurker binnentsjinst Ferdinanda en ús backofficemeiwurkers Annemarie en Roelie binne altyd yn foar in goed petear, in brainstoarm of in earlike miening. Ut alles dat we oan kampanjemooglikheden by Omro Fryslân te bieden hawwe, jouw we dy graach it bêste advys.

Fan advys en strategy oant offerte en útfiering nimme we dy mei yn it proses. Mei-inoar soargje wy foar dyn sichtberens op ús platfoarms en berik yn de hiele provinsje. Bist klear foar in suksesfolle marketingkampanje? Nim dan no kontakt op.

Ronald Klijnsma

Accountmanager
06-21810206
Neem contact op

neem contact op

Silke Sikkema

Accountmanager
06-53994150
Neem contact op

neem contact op

Ferdinanda Braaksma

Commercieel medewerker
06-17202606
Neem contact op

neem contact op

Annemarie Boorsma

Planning & traffic
058-2997878
Neem contact op

neem contact op

Roelie Veldman

Planning & traffic
058-2997878
Neem contact op

neem contact op

Succesverhalen van onze adverteerders

“Bijna iedereen in Fryslân kijkt en luistert naar Omrop Fryslân, dus is dit de perfecte manier om juist een brede doelgroep te bereiken.”
Ellen Roetman

Natuurmuseum Fryslân

"We zullen opnieuw kiezen om te adverteren bij Omrop Fryslân. De ervaring en de resultaten spreken voor zich."
Buck van der Weerd

E-Bike Friesland

Alle kennis en mooglikheden yn eigen hûs

Omrop Fryslân biedt in totaalpakket foar dyn reklamekampanje. Fan fraach nei idee, fan plan nei útfiering en fan resultaat oant evaluaasje: wy hawwe alles yn hûs. Fansels is gjin kampanje deselde, mar wy hawwe safolle kennis, kunde en ûnderfining dat wy ek foar jimme ta it bêste resultaat komme kinne. Wy hawwe in hiele rige súksesferhalen as boarne om te dielen. Der binne trije wichtige stappen yn ús oanpak:

De goede doelgroep

Jimme kenne jimme doelgroep sa’t net ien dy ken. Mar wat kinst noch mear te witten komme? Mei dy sjogge we nei wa’t dyn doelgroep no écht is. Hoe omskriuwst dy en hoe sprekst dy oan mei dyn kampanje?
l

Kampanje op maat

By Omrop Fryslân kinne we dyn doelgroep krekt dêr berikke dêr’t it der om giet en wêr’t it moat, om in spesifyk programma hinne, by in spesjaal ûnderwerp of op in útsocht tiidstip. Do kinst by ús rekkenje op in strategysk en dúdlik advys.
z

De bêste produksje

Tiid om dyn kampanje konkreet te meitsjen. Byld, tekst, lingte, lûd en kleur stimme we op elkoar ôf om in unike produksje del te setten. It resultaat: in reklame of spot dy’t opfalt, dy’t hingjen bliuwt en opropt ta aksje.