Wervingskampanjes foar nije meiwurkers

18 Sep 2025 | Pakketten en aksjes

Hast alle organisaasjes rinne der tsjinoan: krapte op de arbeidsmerk. Nea earder wiene der sa’n soad fakatueres. Fynt dyn bedriuw it ek dreech om goed personiel te finen?

De lêste tiid hawwe ús klanten ûnderfûn dat personeel werven via Omrop Fryslân werkt en binne der moaie kampanjes ûntwikkele dy’t nije meiwurkers oplevere hawwe. Tinksto nei oer nije wegen om personiel oan te lûken en oerwagest om dêr radio, tv of online by yn te setten? Wy sette de foardielen en ús suksesfaktoaren noch in kear foar dy op in rychje:

  • Fia radio, telefyzje en online hast garandearre fluch in grut berik
  • Berikst net allinnich aktyf minsken dy’t wurk sykje, mar ek oare doelgroepen
  • Bringst dyn organisaasje op in unike en opfallende manier ûnder de oandacht
  • It is fluch en fleksibel: al binnen in wike is dyn kampanje op de stjoerder
  • De kampanje is ôf te stimmen op it sjoch- en/of harkgedrach fan dyn doelgroep
  • De kampanje is ôf te stimmen op it sjoch- en/of harkgedrach fan dyn doelgroep

Troch dysels te ûnderskieden, dy fan dyn meast orizjinele kant sjen te litten of op in ûngebrûklike manier dyn fakatuere by de goede doelgroep ûnder de oandacht te bringen, iepenest doarren dy’t oars ticht bliuwe soenen. Do makkest potinsjele kandidaten nijsgjirrich, ek al sitte se goed te plak by it bedriuw dêr’t se no wurkje. Wy hawwe in grut netwurk en alle kennis om mei dy in opfallende kampanje te produsearjen.

Mar hoe wurket it dan krekt, wêr moatst om tinke en om welke kosten giet it?

Ynteresse yn in kampanje fia Omrop Fryslân of in frijlbiuwende ôfspraak meitsje? Nim kontakt mei ús op fia de kontaktpagina of belje 058 – 2992 78 78.

Stay up to date

Wy hâlde fan tuskentinkendheid en transparânsje. Kennis oer ús fakgebiet diele wy graach. Nijs, trends en ûntwikkelingen op it mêd fan advertearjen en online marketing fynst dêrom hjir. Us fisy dêrop en hoe'tst dat oersette kinst nei in súksesfolle kampanje kinst ek geregeldwei op dit plak tsjinkomme. Do lêst op dizze side ek oer de meast aktuele beriksifers, de moaiste pakketten en oanbiedingen dy'tst net misse meist. Stay tuned!