Wurkje oan nammebekendheid fia radio by Omrop Fryslân

Wurkje oan nammebekendheid fia radio by Omrop Fryslân

In radiokampanje by Omrop Fryslân

Do bist goed yn dyn wurk en do wolst dyn tsjinst of produkt ûnder de oandacht bringe. De mooglikheden dêrfoar binne sûnder ein. Wat is de bêste kar? In kampanje op tradisjonele media as radio is fluch, fertroud en maklik. Oft dit kanaal foar dy de bêste kar is om dyn klant te berikken? We help dy om dat út te sykjen.

Seis redenen foar in radiokampanje by ús:

  • Wy stean yn de top 3 fan best beharke radiostasjons fan Fryslâ
  • Grut berik: 102.000 harkers wyks
  • Alle kennis en mooglikheden yn eigen hûs
  • We begeliede al 25 jier de produksje fan suksesfolle reklamespots
  • Soad ûnderfining mei útienrinnende brânzjes en organisaasjes
  • Ek ideaal om yn te setten foar tydlike aksjes of boadskippen

Sparren met een specialist?

Ronald Klijnsma

Accountmanager
06-21810206
Neem contact op

Hoe wurket in radiokampanje by Omrop Fryslân?

Dit is watst witte moast foardatst fierder lêst oer de radiokampanje by Omrop Fryslân

Wat kostet in radiokampanje?

In reklamespot op radio is relatyf goedkeaper as in spot op telefyzje. Do hast ommers gjin byldmateriaal nedich. Toch stiet in reklamespot meastal net op himsels. Do ferwiist faak nei dyn webside of nei in aksje. Om in reklamespot goed oanslute te litten op dyn marketingdoel is goed advys ûnmisber.

Uteinlik betellest by in radiokampanje per sekonde. De priis is ôfhinklik fan de lingte fan de reklamespot, it tiidstip fan útstjoeren en de folsleine lingte dêr’t de spot yn útstjoerd wurdt. Do hast al in radio aksjepakket fan € 1.495,- eks btw ôf. Dyn spot fan 15 sekonden wurdt dan 50 kear útstjoerd. We kinne de produksje ek regelje, dat giet fan € 300,- ôf. Wolst ek in kampanje op telefyzje of online, dan biede we dy fansels in oantreklik totaalpakket.

De foardielen fan in radiokampanje

  • Radioboadskippen wurde goed ûnthâlden
  • Koarte kampanjes dogge it goed op radio: promoatsje bygelyks in evenemint of in iepen dei
  • In goede reklamespot lûkt flink de oandacht
  • Us trouwe harkers soargje foar in hege kontaktfrekwinsje
  • De nammebekendheid yn de provinsje groeit
  • In radiokampanje is goed te keppeljen oan in online kampanje
  • Sa lûkst mear besikers nei dyn webside

Wat smyt in kampanje op radio dy op?

In radiokampanje makket dyn nammebekendheid grutter. Pakkende slogans wurde faak meisongen en bliuwe lang hingjen. Utspraken (kwoots) dogge it hiel goed. Reklames op radio bliuwe letterlik tusken de earen fan dyn doelgroep hingjen.

Tradisjonele media binne lykas online media goed te mjitten. We litte dy dy sifers sjen: hoefolle kontakten hat de reklamespot oplevere, hoe faak binne dy persoanen berikt en wa binne dat eins? Fansels hawwe we ynsjoch yn it folsleine oantal útstjoerde reklamespots en it totale berik van de radiokampanje.

Mei in radiokampanje berikst hiel fluch in grut berik

Dyn namme wurdt folle bekender

Radio is in tradisjoneel en fertroud medium

De radiokampanje – welke stappen sette we?

Radio is it medium dêr’t it allegear mei begûn foar Omrop Fryslân. Kiest foar dit medium, dan kiest foar in fertroude omjouwing. Dit binne rûchwei de stappen dy’t we sette om dyn radiokampanje ta in sukses te meitsjen.

Stap 1: Mediafoarstel op maat

We litte dy de mooglikheden fan in suksesfolle radiokampanje sjen. It mediafoarstel dat we meitsje, stimme we ôf op de troch dy oanjûne doelen. Dêryn stean ek de lingte fan de reklamespot, it oantal spots en de rintiid fan de kampanje.
l

Stap 2: Persoanlik produksjeteam

Wy hawwe alles yn ‘e hûs foar it bêste kreative konsept en de útfiering derfan. Dyn radiospot kinst by ús meitsje litte. Hast foarkar foar in stim, klank of muzyk? Dat nimme we mei. In radioreklamespot kin yn in pear dagen op de stjoerder wêze.

Stap 3: De radiospot op radio

Neffens it útstjoerskema dat we mei dy ôfstimd hawwe, wurdt de radiospot útstjoerd. We hâlde hieltyd yn de gaten hoe’t it harkgedrach fan ús publyk is. Sa witte we wa’t er harkje en wannear. Dy kennis diele we mei dy.

Stap 4: bystjoere en evaluearje

Dyn reklamespot wie net te missen. Hoe hast dit belibbe, hokker reaksjes hast krigen? Neist alle sifers dy’t wy sjen lite, is dat belangrike ynformaasje foar it ferfolch fan de kampanje. Want radio bliuwt in gefoel en dat is net yn sifers út te drukken.

Wolst mear witte oer ús radiokampanjes?

Ronald Klijnsma

Accountmanager
06-21810206
Neem contact op

Dit is Ronald. Krekt as syn kollega akkountmanager en ús backofficemeiwurkers, is hy altyd yn foar in goed petear, in brainstoarm of in earlike miening. Ut alles dat we oan kampanjemooglikheden by Omro Fryslân te bieden hawwe, jout Ronald dy graach it bêste advys.

Fan advys en strategy oant offerte en útfiering nimme we dy mei yn it proses. Mei-inoar soargje wy foar dyn sichtberens op ús platfoarms en berik yn de hiele provinsje.

Bist klear foar in suksesfolle marketingkampanje? Nim dan no kontakt op.