Súksesfolle online kampanje by Omrop Fryslân begjint hjir

In súksesfolle online kampanje by Omrop Fryslân begjint hjir

Online kampanjes by Omrop Fryslân

Eins is in online kampanje net te fergelykjen mei in radio- of telefyzjekampanje. Fansels gean dy media ek mei yn de tiiid en is alles te mjitten, mar de online wrâld is ien fan mooglikheden sûnder ein. Sawol yn ús persoanlike libben as op saaklik mêd.

Dit is wêrom datsto in online kampanje by ús wolst:

  • We hawwe in grut berik: alle moannen goed 5.400.000 besikers
  • Online banner- en fideokampanjes kinne radio en telefyzje stypje
  • Advertearje kin eksakt op it plak dêr’t dyn doelgroep is
  • Do soargest foar sichtberens op it bêste plak mei in direkte link nei dyn webside
  • Online is ûnmisber yn in goede marketingkampanje
  • Omrop Fryslân wurket sûnder koekjes (cookies), is betrouber en is in privacy-freonlik platfoarm

Sparren met een specialist?

Silke Sikkema

Accountmanager
06-53994150
Neem contact op

Hoe wurket in online kampanje by Omrop Fryslân

Dit is watst witte moatst foardatst in online kampanje begjinst by Omrop Fryslân

Wat kostet in online kampanje?

We snappe dat dat in belangrike fraach is, mar in antwurd is net sa simpel te jaan. Om in goed foarstel dwaan te kinnen, binne in oantal saken fan belang. Dyn budzjet is dêr fansels belangryk yn. We meitsje graach in passend foarstel. Der is al in bannerkampanje foar € 900 eksklusyf btw. Dêr krijst 300.000 ympresjes foar.
We biede ek de mooglikheid om in koarte fideo-advertinsje (pre-roll of outstream) út te stjoeren foar de fideoberjochten dy’t op it online platfoarm stean.

Us foarstel is altyd passend, omdat online kampanjes hiel presys te plannen binne. Dat dogge we per 1000 fertoanings. It oantal fertoanings datst ynkeapest, kinst ferspriede oer in perioade dyt’st do wolst. Mei dy bepale we wat wurket en wat net.

Hoe soargje ik derfoar dat ik opfal?

Goeie vraag. Want in een wereld waarin alles zich online lijkt af te spelen kan het best lastig zijn om op te vallen. Net die ene juiste snaar te raken. Direct jouw potentiële klant te bereiken. Uiteraard hebben wij daar middelen voor; namelijk 5 tips hoe je dit het beste kunt doen.

We zoeken bijvoorbeeld met je naar een goed umfeld. Wat dat inhoudt lees je hier. Daarnaast zijn er heel veel verschillende manieren om de aandacht te pakken en vast te houden. Samen met jou zorgen wij hiervoor.

Wat leveret online advertearjen op?

Dyn online resultaten fernimst daliks troch ús online kanalen. Fia ús webside en app wurdt dyn kampanje faak, hiel faak en op it goede plak ûnder de oandacht brocht. Online kampanjes by Omrop Fryslân kinne we op ferskillende wizen ynrjochtsje troch targeting. We fertelle dy der graach oer.

Hieltyd wer docht bliken dat as der wat bart dat minsken rekket, ús webside en ús app dé nijsboarnen foar de Friezen binne. Dyn online kampanje leit by ús foar it gripen, dat witte we en dat mjitte we. Dy resultaten diele we mei dy!

Hâld it boadskip ienfâldich en dúdlik

Wês koart

Brûk de krêft fan de werhelling

In online kampanje - hokker stappen sette we?

Us ferkeapteam nimt dy mei yn de wrâld fan online kampanjes en alle mooglikheden dy’t dat biedt. Al fier foar de offerte en lang nei de faktuer prate we dy by oer de stân fan saken. De stappen dy’t we dêryn sette binne:

Stap 1: Mediafoarstel op maat

We litte dy de mooglikheden fan online kampanjes sjen. It mediafoarstel dat we meitsje, stimme we ôf op dyn doelen. Do bepaalst wannear’t dyn kampanje suksesfol is. Wy gean foar dy oan it wurk.
l

Stap 2: Produksje banners of fideo

Dyn online kampanje kinst by ús produsearje litte. Wy hawwe alles yn ‘e hûs foar it bêste kreative konsept en de útfiering dêrfan. In online kampanje kin hiel fluch de loft yn, it effekt fernimst sawat like gau.

Stap 3: De kampanje online

De kampanje ferskynt online op ús webside en yn ús app. De pre-roll, útstream fideo en banners wurde like faak sjen litten en binne sichtber op ferskate mominten. Do mjitst dyn resultaten, wy uzes. Mei elkoar gean we foar in heech berik!

Stap 4: Bystjoere en evaluaasje

Wy monitoare dyn kampanje hieltyd en skeakelje fuortendaliks as dat nedich is. Dat oerlizze en beslute we tegearre mei dy. By de evaluaasje komst dan ek net foar ferrassings te stean. Wy binne benammen benijd watsto der fan fûn hast.

Wolst mear witte oer ús online kampanjes?

Silke Sikkema

Accountmanager
06-53994150
Neem contact op

Dit is Silke. Krekt as har kollega akkountmanager en ús backofficemeiwurkers, is se altyd yn foar in goed petear, in brainstoarm of in earlike miening. Ut alles dat we oan kampanjemooglikheden by Omrop Fryslân te bieden hawwe, jout Silke dy graach it bêste advys.

Fan advys en strategy oant offerte en útfiering nimme we dy mei yn it proses. Mei-inoar soargje wy foar dyn sichtberens op ús platfoarms en berik yn de hiele provinsje.

Bist klear foar in suksesfolle marketingkampanje? Nim dan no kontakt op.