Rederij Doeksen makket al jierren reklame by Omrop Fryslân. De skipstoeter en de seefûgels sitte hast yn alle spotsjes. Dàt is de Doeksen-styl. Fryslân is in belangryk doelgebiet. De spots binne geregeld te hearren en te sjen op radio en televyzje. “It eilân stiet dêryn hast altyd sintraal” seit marketing- en akkountmanager Annemieke van Dam. “Doeksen is in middel om nei it eilân te gean. It giet om it eilân en de oantreklikheid dêrfan. De spotsjes binne dêrom faak keppele oan arranzjeminten”.
Toch is der troch konkurrinsje wol wat feroare. De aksje fan dizze simmer mei in kaartsje nei Skylge foar fjouwer euro giet om it boadskip, mar ek om de namme Doeksen. “Sûnder reklame is sa’n aksje net mooglik”, wit Annemieke. Se is tefreden oer de respons. “Hiel tefreden. Omrop Fryslân hat in grut berik fia radio en televyzje. Dat fernimme we. En de gearwurking mei de Omrop is hiel noflik. Wy geane der foaral mei troch”.
Rederij Doeksen ûntstie yn 1908 as bergings- en sleepbedriuw. Sûnt 1923 fersoarget it bedriuw de feartsjinsten op Skylge en Flylân. It seehûntsje Doekie foarmet it bekende logo. It haadkantoar stiet op Skylge.